Foarpriuwke Blaue Greide
Wy binne drok dwaande mei it miksen fan ús earste CD ‘Blaue Greide’. Dizze skiif sil ein fan ‘e simmer útkomme mei 13 fersen, sankjes en ynstrumintaaltsjes. Om hjir wat omtinken foar te krijen ha we trije fersen no al frij jûn. Jo kinne no al harkje nei
- Boatsankje
- Stoarm
- Snie
ûnder it kopke Fersen op dizze side.
Nij label
Reizger hat in nij bieldmerk. It reislabel fan Reizger! Wy sille dit merk fanôf no brûke op kaartsjes en CD’s ensafoarthinne.. It label is makke troch Republic vormgeving en publiciteit.
Reizger docht mei oan REDBAD
Wy sille meidwaan oan it stik REDBAD fan teatergroep SULT yn septimber fan dit jier. Bart sil de musyk skrieuwe en Eric en Hetty sitte yn de band diet by it stik spylet. It stik giet oer de Fryske kening Redbad.
Redbad wurd spiele by it Súderstrân yn Starum. Op 15, 16, 17, 23 en 24 septimber 2011.
Foar mear ynfo: www.teatergroepsult.nl




